Utjeften fen De Jongfryske Mienskip
- ûnder samlerskip fen D. Kalma -


No. 2.

Ljocht en Skaed

In mennich biskôgings

fen

D. KALMA


A. J. OSINGA - SNITS - 1916


Ljocht en Skaed

fen

D. KALMA


I. TWIVEL.[1]

Dit is de syktme, dy’t it ûnsidige lân, dêr ’t wy yn libje, oantaesthat en ûnsjênber, stadichoan it hiele gestel ûnderminet, oant erienris tapakt en ynslacht, sûnder in lytse kâns op genêzing to litten—det, wylst tichte by ús grinzen de blom fen ’e jonkheit útomlizzende lânnen sichte wirdt fen ’e dea, wylst de nachtloft read isfen fjûr en de groun fen bommen towoelle, wylst de lânnen sêd binnefen geskriem en de weagen fol fen gerop, fierwei de measte minskenhjirre dogge, as barde der neat, en swietsjesoan trochgean mei hjardeistich wirk, ef mei hjar wyn-drinken en it ôfrinnen fen komeedzjesen jounspretten foartfarre.

Men fetsje my wol. Nimmen scil bigeare, det wy nei de yllinde en deûnminskelikens fen de oarloch in toarn oanskôge to hawwen, ús jowemids de forheftige kolk fen de striid, nimmen sels, det wy út rouwe omde frjeonen, dy’t foelen, lyk as eren de hartoginne fen Angoulême, ekit glimkjen oerjaen scoenen, ek út ús libben it laitsjen fordriuwe.Mar hwet as plicht rêst op elts, dy’t syn libben net trochgean wol asin doarmer yn in geheimige en rûzige nacht, is him to jaen yn deearnst fen ús tiid en de ynfloeden fen ús dagen op him ynwirkje tolitten, sûnder to eangjen, det hja him út it lead slaen mochten.

Priislik is it, tige priislik wis, det wy hjirre komité’s oprjuchtsjefor hwa ’t finzen waerden yn ’e macht fen hjar fijânnen, for hwa ’t opde slachtfjilden lizze út to sjên nei frjeonlike soarch en de treastfen in pear bimoedigjende eagen, for hwa ’t in man ef in heitforlearen, dy’t sa nedich wier for hjar gesin—treflik, det menflechtlingen út barnende stêdden hjir ûntfangt, lyk as men neffens deâlde en wijde wetten fen gastfrijens, hjar heart to ûntheljen. Marhjir sprekt allinnich it meilijen, it langstme it leed fen yens neisteto sêftsjen—haedsaek bliuwt, det yens egen persoanlikheit syn maklikeûnforskilligens en tofredenens ôfleit, en, syn greatske hegensbiwarjend, ré stiet, moedich en fêstbisletten, om de takomst oan tofetsjen, lyk as ienris de Germanen de hoarnen griepen fen inoanstoarmjende ûrokse.

Hwa ’t de wrâld net rjucht yn de read-biroune eagen sjên doar, biretom, as it nedich is, mei hjar oan to gean in striid fen libben-op-dea,lit him gean nei de broeijerige loft fen syn sliepkeammerke enynslomje—lit ús hoopje forgoed—wylst de loften it gleonst binne ende lûden it forheftichst. Hwent hy forstiet net de stimme fen God,dy’t it oerjown hat allinnich to lústerjen yn ’e sigens fen in myldesimmerske joun, mar dy tongeret, lûder en lûder, oant einlings deminske de earnst fen it libben wer earet—en is dos in ûnnut, netweardich as tinkend en fielend wêzen diel út to meitsjen fen deûntsachlike kosmos.

Mar hwet docht men. Op thébisite by in frjeonlike âlde moeike, dy’t,breidzjend en in koaltsje fjûr ûnder de foetten, sa jerne hwet kâltetoer waer en wyn, bigjint men to earmoedzjen oer dy grouwélige oarloch,en sawier, men suchtet sims—bûten, yn ’e greate Mienskip, rjuchtetmen mei in sikelike langstme aloan wer nije forienigs to stiftsjen,antioarlochsrieden op, hwerfen de leden contribúsje jowe, in tiidskriftlêze, en, fensels, oertsjûge binne fen de ûnweardigens fen dizzewrâldstriid. Men scil de minsken nou ienris en forgoed oan ’t forstânbringe, det sok in tastân netwier, yn in biskaefd Jerope . . . ensf.,men scil de wrâld for in inkelde kear forbetterje, hjir in pleisterkeop in iepen plak, dêr in doek om in dragend lid—och, it is wol ljeaf,

...

BU KİTABI OKUMAK İÇİN ÜYE OLUN VEYA GİRİŞ YAPIN!


Sitemize Üyelik ÜCRETSİZDİR!